Gebruiker:Herman Gelens/Kladblok

Uit Wikipedia, de vrije encyclopedie

Erik Bosgraaf[bewerken | brontekst bewerken]

Erik Bosgraaf wilens in konsert yn Paradiso Amsterdam yn 2011.

Erik Bosgraaf (Drachten, 9 maaie 1980) is in Nederlânsk blokfluitist en muzikolooch. Bosgraaf studearre yn 2005 ôf oan it Conservatorium van Amsterdam by Walter van Hauwe en Paul Leenhouts en krige yn 2006 de bul foar muzikology oan Universiteit Utrecht.

Ynhâld [ferbergje]

  1. Karriêre
  2. Prizen
  3. Diskografie
  4. Eksterne links

1. Karriêre [bewurkje]

Yn 2007 brocht er ûnder superfyzje fan muzikolooch Thiemo Wind in 3-CD-boks út mei muzyk fan de Nederlânske komponist Jacob van Eyck (1589-1657). De opname stie in hiel skoft op nûmer 1 yn de klassieke charts yn Nederlân en der waarden wrâldwiid mear as 25.000 eksimplaren van ferkocht[bron?]. Yn seizoen 2011-12 waard er troch Concertgebouw Amsterdam en Paleis voor Schone Kunsten, Brussel út namme fan de ECHO foarsteld yn de Rising Stars-searje mei in toernee troch de wichtichste konsertsealen yn Europa[bron?]. Yn 2005 foarme Bosgraaf mei Izhar Elias en de Italiaanske klavesinist Alessandro Pianu it ensemble Cordevento,[1][1] ynearsten om moderne en âlde muzyk yn ien program byinoar te bringen. Fan 2007 ôf rjochtet it trio harren benammen op muzyk út de 17e ieu, repertoire dat him faak op it breukflak fan de populêre en de keunstmuzyk tahâldt. In 2012 ferskynde it debuutalbum fan it trio, mei de namme ‘La Monarcha’. Yn 2008 makke Cordevento har debuut as barokorkest yn inkelfâldige besetting. Yn dy formaasje rjochtet de groep har fooral op 18e-ieuwsk repertoire. Yn 2009 kaam de debuut-CD fan Bosgraaf mei dit barokorkest út mei de blokfluitkonserten fan Antonio Vivaldi. Yn 2011 ferskynde in CD me transkripsjes fan blokfluitkonserten fan Johann Sebastian Bach.

Njonken de aktiviteiten yn de keamermuzyk spilet Erik Bosgraaf regelmjittich by symfony- en keamerorkesten. Hij wurket ûnder oaren mei it Dallas Symphony Orchestra[2][2] (Jaap van Zweden), Nederlands Kamerorkest (Gordan Nikolic), Residentie Orkest[3] (Reinbert de Leeuw), [3], Holland Symfonia (Otto Tausk), it Noord-Nederlands Orkest (Johannes Leertouwer), Radio Kamer Orkest[4] (Thierry Fischer [4] (Thierry Fischer, Andreas Delfs) en Sinfonia Rotterdam (Alessandro Crudele). Hij spilet fierder mei saksofonist Yuri Honing, elektro-free jazz groep POW Ensemble (met Luc Houtkamp), Sean Bergin, Dig d’Diz, Mary Oliver (altfioele) en Rozemarie Heggen (kontrabas). Hy naam ek trije albums op mei rockband Echos Minor.

Sûnt 2002 wurket Bosgraaf tegearre mei gitarist Izhar Elias as mei-inisjater fan teatrale multimedia projekten. Yn 2007 ferskynde harren CD/DVD Big Eye (Phenom Records). De lêste jierren wurkje Bosgraaf en Elias foaral mei filmmakkers Paul & Menno de Nooijer en lûdkeunstner Jorrit Tamminga. Yn opdracht fan de Open Universiteit ferskynde oer.www (2008) en yn opdracht fan Festival Boulevard/November Music makken se Jane in Concert (2010).

Yn 2008 naam Bosgraaf de komplete fantasijen foar fluit solo fan de Dútske barokkomponist Georg Philipp Telemann en ek de Partita BWV 1013 fan Johann Sebastian Bach op en yn 2009 ferskynden de komplete blokfluitsonates fan Georg Friedrich Händel mei klavesinistFrancesco Corti. Yn novimber 2011 wie er artist-in-residence fan it ynternasjonale Van Wassenaer Festival en foar seizoen 2011-13 is er artist-in-residence fan de Toanseal, Den Bosch. Erik Bosgraaf is as dosint ferbûn oan it Conservatorium van Amsterdam.

2. Prizen [bewurkje]

Yn 2009 wûn Erik Bosgraaf de Londense Borletti-Buitoni Trust Award.[5] Yn 2009 waard him tegearre mei Izhar Elias de Grachtenfestivalprijs[6]takend. Yn 2011 krige er de heechste steatsûnderskieding foar muzyk, de Nederlandse Muziekprijs.[7] Fierder wûn er it Gouden Viooltje foar muzikaal talint uit Noard-Nederlân.[8]

3. Diskografy [bewurkje]

  • Vivaldi: The Four Seasons, Cordevento (Brilliant Classics 94637), 2013
  • Hotel Terminus, met Saxophonist Yuri Honing (Brilliant Classics 9418), 2013
  • La Monarcha, 17th centrury music from the Spanish territories, Cordevento (Brilliant Classics, 94252), 2012
  • Bach: Concerti, Cordevento (Brilliant Classics 94296), 2011
  • Vivaldi: Recorder Concertos, Cordevento (Brilliant Classics 93804), 2009
  • Handel: The Recorder Sonatas (Brilliant Classics 93792), 2008
  • Telemann: Twelve Fantasias, Bach: Partita (Brilliant Classics 93757), 2008
  • Van Eyck: Der Fluyten Lust-hof (3-CD-set, Brilliant Classics 93391), 2007
  • Big Eye, movies & music (CD & DVD, Phenom Records PH0713), 2007

4. Eksterne links [bewurkje]

• Offisjele website • Cordevento.com

Bronnen, noten en/of referenties

  1. http://www.orda2012.com/en/activities/concerts/
  2. https://www.dallassymphony.com/season-tickets/subscriptions/ti-classical-series/productions/mahlersmightysixth.aspx
  3. http://www.hollandfestival.nl/page.ocl?pageid=3&news=205
  4. http://www.youtube.com/watch?v=NKnBuOLOnLE
  5. http://www.bbtrust.com/2009/awards/erik_bosgraaf.html
  6. http://www.americanrecorder.org/membership/pubs/magazine/2010/jan10/ARjan10body.pdf
  7. http://www.muziekcentrumnederland.nl/en/classical/news/article/artikel/4199/
  8. http://www.youtube.com/watch?v=swLNS-Mi2BI

Categorieën:

  1. http://www.orda2012.com/en/activities/concerts/
  2. https://www.dallassymphony.com/season-tickets/subscriptions/ti-classical-series/productions/mahlersmightysixth.aspx
  3. http://www.hollandfestival.nl/page.ocl?pageid=3&news=205
  4. http://www.youtube.com/watch?v=NKnBuOLOnLE